Skrik Festival 2025
Van Links naar Rechts, it tema fan 2025. Symboal steande foar it rychje fan ferskillende ideeën. Interpreteer it op je eigen manier. In kompleet út syn dak geande menigte, in ferske fan de Snollebollekes, in politike ferskowing of al it oare wat je eigen fantasy er op los litte wol. Gean fan poadium nei poadium (fan links nei rjochts) en ûnderfyn je sels mei it tema: van Links naar Rechts
Artysten
Flinter wurde
Omdat it Skrik Festival net sûnder dyn help kin, is der ek dit jier wer mooglik om it festival te stypjen. Hjirmei wurde je offisjeel ”Flinter”, en helpst ús om der ek dit jier wer iets moais van te meitsjen. As Flinter betellest €50 foar 2 kaartsjes foar it Skrik Festival. It oanmelden kin fia ûndersteande button en de rest folget fia de mail.
Tickets
Foar tagong ta it festival kinne je in kaart keapje. In kaart kostet € 15, -. De kaarten binne hjirre ter krijen en by de yngong fan it festival. Foar bern oant en mei 13 jier en âlderein fan de 65 ôf is tagong ta it festival fergees. It is net mooglik om al betelle kaarten yn te leverjen om dyn jild werom te krijen.
Nijs
Ynfo
Wy skriemen, jimme binne de skrikkers. Oftop je sels tot flinter op festival Skrik. In oade oan Wommels, oan jimme en ússels. Muzyk, keunst en kultuer is allegearre op it festival te finen. Elk ier in nij tema en bypassende oankleiing. Verskrikkelijk lekker iten en drinken ûnder it genot fan muzyk út ferskate regio’s. Lit je sels op in reis fol fan kultuer mei nimme troch de nacht fan Skrik en flean as flinter mei ús mei.
Festival Skrik is oprjochten yn 2023; in idee fuort kommen ût hurd petear en gruttendiels gemis. Gemis oan in festival fol mei keunst, kultuer en muzyk foar eltsenien.
Skrik as idee en namme sels komt fan ferskate ideeën. “The scream of the butterfly” ooit sjongt troch Jim Morrison fan the Doors. Skrik stjit foar de skriem fan de jongeren, de Skrik fan de skriem fan de flinter en it dêr út ontpopte festival. De Schreeuw fan Edvard Munch as logo en poster stjit symboal foar de skriem die oer it festival hinne raast. In skriem fan Skrik en fan de jeugd die iederien hearre moat, want allinnich dan kinsto dy sels optoppen tot flinter.
- Foarsitter – Timen de Boer
- Horeka – Tjitse Postma
- Artysten – Sjoerd de Boer
- Techniek & terrein – Thijs de Boer
- Iten, EHBO & beveiliging – Jorn Klijnsma
- Ponghâlder – Pieter Wijnia
- Keunstkommisje – Else de Boer, Janneke de Boer, Dena Otte, Marrit Tolsma
Festivalskrik@gmail.com / 0622308392
FAQ
Wannear is it festival?
It Skrik festival is op 30 augustus 2025
Hoelang duorret it festival?
It festival duorret fanôf 16:30 oant en mei 01:00.
Stypje fan it festival
Mochten je no mei it bedriuw stypje wolle? Mail dan nei it e-mailadres: festivalskrik@gmail.com
Alcoholferkeap?
Wy skinke gjin alkoholyske dranken oan jongerein ûnder de 18 jier. It barpersoniel kin dy om in legitimaasjebewiis freegje. De kosten foar eventuele boetes omwille fan drankgebrûk ûnder de 18 jier wurde ferhelle op de oertrêdende besiker. Dêrneist steane wy foar in ferantwurde alkoholgebrûk. Misbrûk fan alkohol wurdt net tolerearre.
Muntferkeap?
Foar it konsumearjen fan (fris)drank kostet dit munten. Munten kist keapje by de kassa. Dêr kist betelje mei kontantjild, pin en kontaktleas mei smartphone of smartwatch. In munt kostet € 3, -. Munten kinne net wer ynlevere wurde foar jild.
Lokaasje en rûtebeskriuwing
It adres fan it festival is: Van Sminialeane 50, 8731 BH Wommels. Op it fytspaad rjochting Easterein kinne je de earste ôfslach nei rjochts nimme foar it parkearjen fan de fyts en de earste ôfslach links foar it parkearjen fan de auto. Hjir rinst dan oer in ferhurde dyk nei it festivalterrein.
Iets kwytrekke op it festival?
Bist wat kwytrekke op it festival? Mail dan nei it e-mailadres: festivalskrik@gmail.com.