Skip to content

Se wiene dêr dy nacht. Fjouwer nammen. Ien ferhaal. Te folle geheimen. Lovers, Lost & Found beweecht him tusken surf noir en americana, mei in lûd dat skaaft, lûkt en hingjen bliuwt…
Harren muzyk fielt as in nachtlike rit. Lâns motels dêr’t fan alles bart dat it deiljocht net ferneare kin, lâns in tsjustere rivier dêr’t it stil wurdt, lâns dreamen dy’t krekt bûten berik bliuwe.

Rudolf, in man sûnder skiednis. Folslein wiske. Wat oerbliuwt, binne inkeld fragminten. Mar wêrfan? Hans, de lêste nachttrein naam syn geheimen mei. No hat er allinnich noch in kaartsje nei nearne. Ben, syn driuwfear is ûnbekend. Wat er bewarret, jout er nea priis. Nea.
Janna spilet allinnich in spul mei de wierheid. Wat is echt? En wat net? Dat hinget derfan ôf.

Se bewege har troch ferhalen dy’t nea hielendal ferteld wurde. Oer langstme dy’t dochs altyd bliuwt. En oantinkens dy’t har elke kear oars iepenbierje.
De muzyk bliuwt. It antwurd ferdwynt.

Back To Top