Skrik Festival makket it tema en programma bekend
Skrik Festival sil dit jier wêze op 29 augustus en fia de webside kinne jimme no al fest in idee krije fan it tema en it muzykprogramma, mei mar leafst 8 bands op de sneontejûn. Hâld dizze webside de kommende tiid ek yn de gaten want letter komt er noch mear ynformaasje om it hiele festival kompleet te meitsjen. Mar do kist dysels no al oanmelden as flinter as in kaartsje keapje foar dizze edysje fia dizze webside. Wy hawwe der no al nocht oan! Jimme toch ek?
